hylkjeynaustralie.reismee.nl

Letste moannen & Bali

Ik he net safolle sin meer om te skriuwen de letste tiid, sa at jim fast wol sjuche, mar ik he helemaal niks te dwan joed dus dan toch mar even een ferhaaltsie, far at jim witte wolle wat ik aljer utvret:D.

Ik sit jir no yn Darwin yn de motel, want alle hostels wienen vol, bietsie bale dus mar oan de oare kant wol even lekker myn eigen keamer te hewwen nei al die tiid mei aljer minsken te wezen (dat njem ik jir ik wol myn Ipodmomenten.....)
Ik bin juster werom kommen fan Bali, wer ik 8 dagen sitten he. Wie der echt supermooi en fynt om heeeeeel eerlijk te wezen, leuker dan yn Australie. 't Is jir mooi om roen te reizigjen mei al die oare backpackers, leerst minsken ut aljer ferskillende lannen kennen en ik he dan ik nog aardig wat reisjes te gean, mei iederien prate je wol au om elkoar op te sykjen nei de tiid, wol heel leuk. Mar oan de oare kant is 't jir toch wol heel erg deselfde cultuur as yn Nederlan, 't is een Westers lan en dat merke je wol. Allinnig de Aboriginals binne oas en dat fyn ik heel interessant. Ik he soms gesprekken mei ze, op strjitte, mar de echte alde cultuur ken je heel moeilijk fyne, omdat de measte Australiersjir nogal racistisch binne en der niks mei te meitsien he wolle, bietsie jammer.
Mar goed, fjidder is 't jir dus 't selfde, foaral de grutte steden, derfoar hoeve je jir net nei ta te reizigjen;) Wol fyn ik 't heel mooi om de westkust sjoent te hewwen, der ist toch oas, aparter en de minsken wennie fjidder ut elkoar wat 't ik wer een oare sfeer joud.

Yn Bali skrok ik eerst dus wol even, wat oas..! Ik kwam op 't fliegfjild mei een onnoazele kop, rin nei de ban wer je baggage oankomt, aljerrrr minsken yn blauwe pakken derre. Ik tink goh he die ik bij us yn't fliegtug sitten..? Dat ik dat mist he, tjonge.. En toen seag ik dat se de baggage fan minsken hud futgristen en dan 't meinammen, nei hun taxi hihi. Dat wien dus gewoan taxichauffeurs. Wol appart, se binne der een bietsie pusherig mar toch op een heel aardige manier.
Een pear backpackers hien us de tip joent om nei Gili ta te gean, ien fan de eilannen net fier fan Bali (ik bin net goed yn topografie, mar we koen der mei de boat hinne yn een oadeloere) omdat dat heel mooi skient te wezen. Dus ik Hiske freegje hehe en die liet my foto's sjen, lieket wol een paradijs derre!! Dus de folgende dei fut mar een tocht boeke, miljoenen rupiah's utjoent (dat fjilt vet raar, dat ferskil mei de dollar of euro:p) en der hinne.
Heeeeeeel mooi waar derre en een vet blauwe see, gjin auto's of wat ik mar een motor het te bekennen, allinnig hynders mei een karre:D

Der bin ik 6 dagen bleunt,om myn dukcursus te dwan. Ik moest wat papieren ynvulle fan te voren en der wie een fraach at ik claustrofobie hie of iets yn die richting. Ik heel stoer 'Nee!' oankrusse, der kwam ik dus wol achter. Wit net wer 't mei ut te stean het, mar toen ik ien kear yn 't wetter lei mei myn pakje oan en we us sinke litte moesten, krieg ik 't toch mar best benauwd. De eerste trije keer dat ik doeke moest he ik elke keer een paniekoanfal hant, net sa handig at je oender wetter binne. Dus ik soe alle keren allang wer opjan (bin soms net sa'n trochsetter) mar toch mar folhalden en de letste twa doeken gong alles goed, heeeele mooie dingen sjoent en no he ik myn certificaat, whoehoeeee. Dus papsie we kenne te doeken yn Cairns:D.


Fjidder leerde ik de minsken op strjitte der wat kennen, omdat ik elke dei allinnig honderd keer hinnewer roen tusken 't huske wer we yn sieten en 't doekcentrum. Dus op 't letst siet ik nei 't doeken der wat ut te rusten en minsken te besjen en wat te praten, wat ik wol gesellich foen. Mar ik wie oorspronkelijk mei de twa Dutse famkes die ik yn Geraldton kennen leert hie der hinne en dat roen net sa lekker. Sij hien oare dingen yn'e holle dan ik en dat brocht wat spanning en dat makke ik allinnig mar erger troch te sizzen dat ik langer op 't eilan bliuwe woe, omdat ik Kuta net sa leuk fyn. Noja toch myn gang gient (mei grutte moeite, ik ken net sa goed minsken teleurstelle..) en der bink achternei wol blij om west, he 't echt machtig hant derre en sit er suver oer nei te tinken werom te gean oer een skofke.

Noja sol nog even kort een ferhaaltsie dwan fanau 't vorige ferhaal want der sit ik wol wat tiid tusken. Nei '3 wieken wurkie hie ik skjin myn nocht en beslutte ik dat ik myn letste oadelmoanne allinnig net verknoeie woe oan wurk. En omdat ik wol genoch fertsjinne hie he ik dus seint dat ik fut gong (alwer minsken teleurstelle:P) en toen bin ik nei Broome gient, 5 dagen der sitten (net folle interessants, ik bin wat saai bezig) en toen nei Katherine, een sted mei een heeeele soad Aboriginals. Iederien slaat die sted oer, om die reden, mar ik woe per se 't Nature Park sjen derre dus he'k de bus boekt. Yn de bus warren my aljer enge ferhalen ferteld oer Katherine en ien kear oankommen seach ik wat skichtig om my hinne, mar dat foel natuurlijk reuze mei. Ik siet der yn een hostel mei mar 8 oare minsken (wie wat een private hostel achtig iets) en dat wie wol lekker rustig. De tredde dei een vette stap dient hehe, allinnig nei dat Nature Park west. Ik tink se sjuche my aljer oan omdat ik jir allinnig oansetten kom mar toen he ik heel dapper tocht dat se my ik heus wol oansjen mochten en he ik allinnig een berg beklommen (der binne die letste foto's fan).

Eerst foen ik 't mar niks, der wie net ien te bekennen op dat paad en 't wie nogal wildbegroeid (en sinds ik my fertelle litten hie dat der wol 's bull's roen roenen....) dus ik fjild my net ferrekte veilig. Mar he wer een trochsetmomentje hant en letter gong 't wol. Bergen wetter drinke omdat 't heel erg warm wie en nei oadeloere kwam ik bij een utsicht, ien fan de Gorges (stiet ik wol op de foto). He yn tiiden net sokiets moois sjoent en fjilde heel apart dat er fjidder net ien wie. Ik even wat ite heel eenzaam yn myn ientsje (wat net ferkeard wie haha) en toen een grut stik audaalt nei een lyts watervalletje wer je dan swemme koen (yn al dat oare wetter sitte krokodillen). Letter wer werom roent en koffiedronken en nog een boattocht dient troch die Gorges hinne. Krokodilletjes sjoent (net fan die grutten, die he ik allinnig mar yn een soartemei dierentun sjoent jirre..:p) en toen werom.

Dat wie 't ik wol hast wer, wit sa net wat ik wol en net opskriuwe sol en ik he nog mar 5 minuten internet dus ik hald der wer mei op.

Miskien oer een pear wyken nog een ferhaaltsie oer de vette roadtrip mei papsieeeee haha en oas sju ik jim oer een moanne wol wer!

Groetsieeees!

Oan't wurk, whoehoee

Saaaa, dat het even durre, mar jir wer een bericht!
Ik moest self even leze wer ik bleunt wie, want t is al een skofke lient en mut natuurlijk wol alles vertelle hehe.

Ik sit no yn Karratha, een mijnersstedsie en dat is er ik wol oan te sjen. Der rinne allinnig mar mannen (en heeeel soms vrouwen, mar die bin dan meastal zwanger, serieus.) yn wurkersklean roen, oeral, en iederien het bulten jild. Want dat is wer ät jir om giet, d'r falt een soad te fertsjinnien, stiet t bekend om. Dus Laura en ik tochten, goh litte we jir 's even hinne gean. Mar ik sol eerst wol even vertelle wat er yn de tuskentiid gebeurd is.

Fanut Monkey Mia binne we nei Coral Bay gient, een heeeel mooi mar ik heel erg lyts doarp oan de see. Alles wie verskrikkelijk djoer (tsja, je kenne net even snel nei de folgende sted ryde om t der te hellien dus se kenne die priizen gewoan sa heech meitsie at se wolle) mar der wie wol genoch te dwan. Yn t hostel leerden we wer een pear minsken kennen, onder andere Anthony, een jonge ut Engelan die elke dei oant fiskjen wie en dat as avondmaal iet (dat wie wol goedkeap). Dus wij nei een pear dagen mar mei 'm mei nei 'syn' plakje op t stran wer fjidder net ien kwam. Ten eerste al een vettt utsicht mar nog mooier wie t fiskjen self. Der gebeurde net safolle ynt begjin dus wij wat swemme en verbranne mar op een gegeven moment begong die hengel toch een lawaai te meitsjen en seagen wij een grutte fisk gigantisch snel hinnewer swemmen fjidderop ynt wetter.
Wij as stoere vissers die fisk binnen probere te hellien (werbij ik natuurlijk de hengel bruts....) en toen bleek t een stingray te wezen. Apart om te sjen dat die dingen sa snel kenne. Anthony woe 'm net opiete want dat fiene de locals net sa leuk (der hingje oeral borden mei 'Snorkeltour, swim with the stingray!' sju...)

Uteindelijk niks eetbaars fongen mar Anthony is ein fan de middie werom gient (ik wie sa verbrant dat ik net meer buten komme woe) en toen het hij swemmende een pear slome fisken fongen en sa hien we toch nog wat te iten:)

We he der ik nog oant snorkelien west wat wol heeeel mooi wie, nog 'reefsharks' sjoent wer ik wol even senuwachtig fan war en fjidder aljer fiskies, ik fan die grutte, net sa mooi utsjende, fisken die heel sloom binne en die je dus gewoan oanreitsje koen (wat ik natuurlijk helemaal geweldig foen ehe.). Mar toen wie us jild op, Marieke wie alvast nei Broome gient en wij besluten nei dat leuke Karratha stedsie te gean, op aanraden fan wat hostelgenoaten.. We moesten 't speciaal tsjin de buschauffeur sizze want normaal stoppie ze eigenlijk net yn Karratha, net ien wol der hinne.. Dus toen we dat jerden, seagen we er al heel erg nei ut:D.
Jelve 6en moans kwammen we oan, soender al te folle sliep en toen kwam die hosteleigenaar nooit 's. Letter bleek dat hij al genoch minsken ynt hostel hie dus ot er sin hie dan kwam er wol 's langs mar oas net, dus we hien ik nog wol gelok dat er jelve 11en oankakken kwam.

Ynt hostel wien dus ik allinnig mar jongens te bekennen die aljer wurken yn de mijnen en dat is dan heel apart, mar nei een pear dagen wie 't wol beregesellich, mei hun gitaren en voetbalspultsies en op stap gean mei syn allen, hie wol wat. Hie t al op facebook setten, der war fanalles jatten derre, selfs restanten fan iten wat je krek mei alle liefde makke hien, war ut de panne jatten yn de 10 minuten dat je je bord leeg iten..Mar fjidder wie 't dus wol best en nei 3 dagen foenen Laura en ik beide wurk yn de Icon, 't ienigste restaurant jirre en ik nog heel djoer en grut dus we seagen 't beide al oankommen, dat wud nog wat hehehe.
Marrrr 't foel ajer mei, nog steeds niks falle litten en se bin ik nog s best wol heel blij mei us:D.

He allinnig net sa'n sin om jir salang te sitten dus he alwer seint dat ik nog mar twa wieken bliuw en dan fuort gean. Krieg een nij idee, om jedder nei Bali ta te gean en der 's even de luilak ut te hingjen en een bietsie doeke en surfe ensa (aangezien t der altiid goedkeaper weze sol as jirre) en dan werom nei Cairns te fleanen en der mei papa meete oer oadelmoanne.
Mar eerst wol ik nog nei Broome ta, dan nei Kunnunura (of sa) en Darwin, wer ik miskien nog een wieke bij een pear minsken ut t Wooff boek bliuw, die he een megaboerderij mei helicopters en al dus dat lieket mie wol leuk om te sjen:)

No ja folle bysonders is er fjidder net, Karratha is echt een gat en at je gjin wurk he wur je jir gek, der is dus gjin see of bioscoop of wat dan ik mar, allinnig een grut pand mei alle winkels, wer airconditioning is en der spendere we dan us dagen mar at we vrij he. En we he no een pear minsken ut de backpackers werfan ien en boat het (whoehoee) en der solle we op us vrije snein miskien mei te fiskjen (solle we wol even foar ryde mutte!).

En dannn,, mei mij is alles wol goed. Ik bin sawat nooit meer oenwennig en he myn plak jir wol aardig foent. Bin ik heel erg blij dat ik dit myself oandient he, want hie 't gewoan noadig, dat ik 't gewoan echt even allinnig fuort bin. Mar ik he natuurlijk ik wol wer sin om myn dinkjes thus wer te dwan en, dat sol fast idioat klinke, om ferskrikkelijk reinerig rotwaar te hewwen en mei myn warme klean en sokken oan op de bank een film te sjen:D. Mar niks te klagen fjidders jer, oer 't waar jirre, hoewel 't wol wat 'humid' is, dat er een soad vocht yn de lucht is sadat at t net iens sa warm is, je toch 't swit oppe kop stean he.

Ik sol no even wat ite en dan straks wer oan't wurk, wer ik eigenlijk net sa'n sin yn he want ik sit jir wol lekker mar ik he besluten dat ik net klage mei aangezien er mar weinig minsken binne die sa snel en sok best wurk krije jirre hehe..

Bin benijd hoe 't mei jim is derre, fien ik leuk om te witten:)!

Groetsies mar weeeer!

Bin ik wer!

(22 mrt)

t Skriuwt wat moeilijk op een Duts toetsenbord (mocht fan myn hostelgenoatsje op har computer, dus dat fien ik al leaf genoch) mar ik doch myn best.

Sol begjinne fanau Adelaide, nei de autorace. Hie skjin myn nocht fan myn collega, hij war wat vervelend en toen he ik mar een hostel boekt en frege ot r my der ausette koe op syn reis nei hus. Dus toen siet ik yn Annie's Place, een heel ald lyts hostel, mar wol heel erg gesellich. He der san 5 dagen sitten en t wie 't beste hostel tot no oan ta. Iederien die der siet wie der allinnig hinne kommen en at je even gesellich dwan woen, der wien altiid een pear buten op t terras oant relaaaxen, dus dat wie al leuk. He der echt leuke minsken kennen leert. Ik sliepte op een keamer mei 8 oaren, we hien een balkon en alles gong der wol leuk oan ta.

He nog wol een bran hant, he ik al even trochjoent op facebook (en yn telefoantsjes mei sommige minsken) en dat wie wat minder en eng. Sol toch nog mar s 't hele ferhaal dwan, he jim ik wat leuks om te lezen :p haha.
Der wie een hele slimme vrouw yn us hostel, die wurke der en die wie goed bevriend mei de eigenaren fan t hostel. Op een joen sieten we wer aljer lekker buten en toen kwammen die eigenaren nei t hostel om die vrouw mei ut te nimmen. Dat is waarskijnlijk heel gesellich west, want toen ze thuskwam soe ze de kearskes even oanstekke op har keamer en wit ik veel wat dwan, mar toen foel se dus yn sliep en wie se de kearskes ferjitten. Totdat se wekker war fan t brandalarm, wie alles yn de fik fleint. t Skient dat se 5 minuten yn de keamer roenkroept het wiels t brande, dus mei rook en vlammen, se koe de utgang net fyne troch de rook en het gelok hant dat een pear oaren fut nei har keamer kommen binne (die jerde har skreeuwen sein ze) en har der ut sleurt he, se hie 'allinnig' een pear brandwonden en rook yn har longen.

us keamer wie net sa slim bezig, we lein aljer nog heal te sliepen en tochten dat t een oefening wie of dat t de wekker fan ien of oare wie die m net utsette (je kenne geluden sa raar mei je dromen vermenge, witte jim fast wol) dus op een gegeven moment gong een dutse jonge ut us keamer nei de gang om te sjen ot er wat wie, mar hij kwam werom en gong op bed, sei dat er niks wie. Mar toen wie t al een ketier oan de gang en der het al rook west boven (we sliepten op een keamer boven, de keamer die yn bran stoeng wie beneden tsjinoer t treppensgat) en achterau het hij dus oant sliepwandelien west (ik sa handig haha). Twa minuten letter gong een aldere man ut us keamer (wit nog steeds net wat die yn n hostel moest) nei buten en die is aardig skrokken want skreeuwde op een vette paniek-manier dat er bran wie en dat we 'GET OUT' moesten. Mar wij roekten nog steeds gjin rook dus wij tochten falt wol wat mei, rustig us spullen pakke en een bietsie oankleie en toen bin ik nei de doar roent. ik skrok my dea, aljer rook en stjonke! Ik tink dit sol fast net goed weze, dus mar werom yn de keamer en ien fan myn briljantste ideeen ooit kriegen (ausjoent ut de film hehe) om een doek te pakken en die foar myn kop te halden. Toen mar wer nei buten en de treppen au. Dat war healwei sa warm en t wie sa verrekte donker (gelokkich wie de trepleuning der nog haha) dat een pear fan myn keamer wer nei boven draafden. Ik wie natuurlijk een vette held die trochroen heheh(6) op een gegeven moment war t wat kalder en foel t ik best mei. Tsja fjidder nog een pear oeren wachte en toen werom yn t hostel, hele keamer swat en oeral hong nog rook (dat bleu ik nog wat dagen hingjen) en een laagje swatte stof oeral, op de bedden, wc's, keuken ensa mar dat wie t ik wol.

Noja toen nog wat leuke dagen hant ynt hostel en toen besluten toch fjidder te gean mei een pear jonges ut nederlan (achterau hie ik better blieuwe kennen, mar at je alles fan te voren witte..:p). Mei hun he ik seis dagen reizige fan Adelaide nei Perth, ik he op de langste ruchte dyk fan australie ryden (om dat te vertelle kenne whoehoeee) en fjidder net safolle dient. Wol mooi, je he aljer fan dy 'roadhouses' nest de dyk, dat wol sizze een motel, restaurantsie en tankstationtsie bij elkoar, wer dan san 8 minsken leve, raaar. Far de rest wie alles ik heeeeel erg leeg, wol lekker rustig. Snap no wol dat minsken der net wennie wolle, is der sa warm en der is gin enkele winkel of iets wer je wat te drinken of iten keepie kenne tichtbij.

No ja goed, nei een tiidsie begong ik my wat te ergerien oan ien fan de twa wer ik mei reisigde en woe ik even helemaal niks om mie hinne he mar dat lukt dan net at je yn de auto sitte. Dus ik sette myn ipod oppe kop en gong een bietsie lezen, mar dat sjitte hun ient ferkearde keelgat. Ik dus utlizze werom ik dat dieng, mar t wie net goed, dus toen koen se om mij de pot op. Toen he ik mar wer een hostel belle en he se my der ausetten.

Dat hostel wie folgens mij t allergrutste ding wat ik ooit sjoent he, mei fjisten tefolle minsken (wie der folboekt omdat iederien nei t suden reisige wie fanut t noorden, der wie een cycloon op komst ofsa) en dan sju je toch wer een apart ferskiensel, san groepforming. Iederien socht iederien ut syn eigen lan op en gong der bij sitten en hun vertrouwde eigenlandse iten en drinken nuttigien en hun eigen gewoantes oanhalden en niet ien der bij litte. Dat bewiist mar wer even dat net allinnig een bepaalde groep yn de wereld dat dot:)
Aangezien ik weinig nederlanders fiene ken (en ik t net sa geweldig fien om se op te sykjen) bin ik mar gewoan ergens sitten gient en he ik mei een pear Ieren een best wol geselliche joen hant!

Ik wie allinnig wat te snel mei myn keus om fjidder te reisigjen omdat ik dat hostel eng en net leuk foen, dus hie ik fut alwer een Greyhound bus boekt en een hostel yn Geraldton. Dat foen ik letter dus wol wat jammer, mar oan de oare kant hie ik wol sin om ut Perth wei te gean, ik wit nooit sa goed wat ik sykje mut yn grutte steden en bin te skijterig om allinig oppe rin te gean om dat ut te sykjen.. Dus dan mar mei de bus.
Die gong de folgende dei om jelve 7en moans, dus ik betiid ut bed. Ik hie de hele nacht droomt oer dat ik de bus misse soe en bin der een pear keer wekker fan skrokken, mar t begong aljer goed. Ik nam de bus nei t station (een bus werfan de hostelmedewerker sei dat die my nei t goeie station bringe soe) en toen ik der wie en frege hie werwei de greyhound vertrekke soe, bleek dat ik mooi op t ferkearde station siet, en de oare wie dan wol oan de oare kant fan de sted...tsja.. Toen wie der een hele aardige mevrouw die far my een taxi belle die my der hinne bringe soe, mar 'you won't make it...' sei se al bij voorbaat. Dus ik de Greyhound bellie en fregie ot se de bus even 5 minuutsies wachtsie litte koe, begong dat minsk oer myn boekingsnummer en myn namme en aljer oare troep. Hie net safolle beltegoed meer dus op de helft fan t gesprek foel t gesprek fut en stieng ik der wat verloren bij.

Toch mar mei de taxi der hinne en drave nei de Greyhound, wie dat ding natuurlijk al fut. Der stieng ik mei myn fjisten te swiere backpack en twa oare swiere tassen (falt net mei om dan te draven) en toen bin ik mar heel langsaam en teleurgesteld werom roent nei de informatiebalie.
Ik fregie bij een oare busmaatskappij ot er nog een bus gong nei Geraldton en toen kwam myn gelok werom, een oere letter soe der ien fertrekke. Fut mar een kaartsie boekt en huppakee. Mar wol der net oan tinke hoefolle ik utjoent he om jir te kommen.....:p

No sit ik dus yn een mooi ald hosteltsie, mei wat minder aardige bewoners (se wennie jir aljer al hast een jier) mar mei een pear oare nieuwkomers he we t wol gesellich. Der begongen selfs een pear op een gitaar te spielien en te sjongen en toen koe ik myn gelok net op natuurlijk, dat 'jerd der heeeelemaal bij'...

Sa mar even oan de bak, wurk siekje en hope dat ik wat fyne ken en dan lekker op t stran lisse, t waar is jir wol supermooi!

Fjidder mis ik Nederlan toch nog steeds wol (een Ierse jonge sei dat dat just mooi wie, dan wist ik wol wer myn thus wie...tsja..) en he ik wol sin om werom te kommen en oppe bank te hangen en yn de corsa te ryden, mar he myn draai jir no toch ik wol wat meer foent. Fient net sa lestig meer aljer en alles giet my wat gemakkelijker au (selfs at ik de bus mis) dus der bin ik self ol heel blij mei.

Ik doch myn best om te andwudzien op de mailtsies fan de minsken wermei ik mail, mar soender ferbinding is dat wol lestig en ik internet fyne is net altiid makkelijk. Fien ik net leuk om sa lang net te reageren want ik fien de mailtsies just sa leuk, mar t komt wol dus hehe..

Sa wit jim wer even wat ik utvret, ik sol nog even nikse en wurk siekje. t tiidsferskil is jir trouwens 7 oeren, 7 oeren letter as bij jim. En ik he gjin beltegoed meer, dus ken net meer smse, tink is fast wol even belangrijk om witte te litten mhehe.


(26 mrt)

De computer dieng t yn ien kear net meer dus mar even een bewerking. Sit inmiddels al yn Monkey Mia, een resort krek as yn 'Dirty Dancing' mei deselfde muziek en minsken en heel gesellich (jammer dat se gjin doensjen he jir...). Ik reizigje mei twa Dutse famkes, Marieke en Laura en we he t heel gesellich. We he een auto huurt en dermei bin we jir kommen en oenderweis op ferskillende plakken stoppe en ut de auto sprongen om even te swemmen (Shell Bay) omdat t sa ferrekte warm is, net ut te halden. Dan de auto mar wer yn en snel de airco oan. Toen minsken mij fertelden dat t jir allinnig mar ut te halden wie at je oerdeis yn de auto of een keamer mei airco oan, tocht ik 'wat soooooooonde!', mar no...snap t best!

We he trije dagen yn een hostel sitten wer fjidder helemaal net ien te bekennen wie, behalve de eigenaar. Skiende net san leuk plak te wezen (wardest bedolven under de miggen) mar ik foen t wol heel relaxed even, we hien gewoan us eigen hus, joens op de bank film sjen, lekker buten sitte en een bende fan de keuken meitsie, makke aljer niks ut!
Noja nei twa dagen he je der ik wol wer genoch fan, at er net ien oas is om even mei te praten dus toen besluten we dus mar een auto te huren en bin we heel snel fut gient, wie een super goed idee he we besluten.

Fjidder bin ik heeeeel 'desperate' op siek nei wurk, wur der gek fan om te reizigjen, wittende dat mien pinpas t elk moment bejan ken. Dat wurk siekje falt nog net mei, he myn prachtige CV (dankje Dhana!) al even op internet gooit, mar sinds ik gjin ontvangs he en internet allemachtigst djoer is, is t verrekte lestig om een baan te siekjen, lit stean te krijen.

Mar ik bliuw stug trochgean. Merk wol dat at je contact mei al die hostelfiguren hewwe en mei de minsken die yn pubs of hostels wurkje, dat je dan wol mear mogelijkheden tagooit krije wat betreft wurk, iederien wit wol wat leuks te betinken!

Fjidder sit ik no dus yn Monkey Mia, een paradijs (sykje mar op google, bin wol een soad haaien) en he fannemoan heeeeeeeeeeeel betiid (gadsiedarrie) dolfijnen sjoent... Ja wol apart.

Myn plannen veroarje elke dei, mar op t moment he ik betocht om nei een wat gruttere sted te gean jir een pear oerkes fjidder en der even bliuw totdat ik wat jer fan ien fan myn hostelmaatjes (die oant siekjen is far mie, dat foen ik wol heel leaf) en wat luierien. En dan mar aan de bak (hoooopelijk!) en dernei nei Coral Bay en fjidder omheeg. Ik wol net alles meer mei de bus of auto dwan, is sa djoer en de natuur he je op een gegeven moment ik wol besjoent fien ik dan wer.

Ohjaaaa he nog een nij plan, sol miskien nei Bali of een oar iets ta om der myn duikcursus te dwan, omdat t jir sa djoer is. Lieket mie wol leuk om dat te probjerrien.

Mei mij giet t fjidder wol best, he t echt nei myn sin no en (afgezien van t wurk) ist jir wol relaxed, bin oeral wol leuke minsken te fienen en at ik even gjin sin he yn die leuke minsken dan kroep ik lekker op myn bed (je bed is jir je hus, sawat..) en set ik de iPod op, ken ik dan ik wol wer fan geniete.

Ik sol even chickennoodles ite (meer stiet er even net op myn menu heheh) en dan een film sjen mei myn reismaatjes & lekker sliepe, wie een fjisten te lange luie dei....!

Bin benijd hoe t der giet, skient mooi waar te wezen jer ik krek?

De groetsies der mar werrrrr!!

Myn jiddie & Adelaide!

't War wol wer 's tiid foar een ferhaal, omdat ik inmiddels alwer best wat meimakke hef en sit jir no op een camping mei mooi waar mar der is net safolle te dwan behalve swemme, mar bin een bietsie te beroerd om op te stean (fjil my al wateen luiwammes no ik dit sa typ)marr,he mooi even de tiid. Bin no yn Adelaide, kryg fan ien fan myn collega's fan de boerderij een utnodiging om mei hun mei te gean nei Adelaide en der nei de autoraces te gean (ien fan hun maten 'couldn't make it' en toen hien ze een kaartsie oer wat se wol 'even' oan my jan woen..., nei lang neitinken en twiifelien (dat ken ik sa goed) hie ik toch mar besluten mei te gean. Dat wie wol even moeilijk, want ik woe natuurlijk net ien teleurstelle (en dus ik net Rob & Debra) dus he myself uteindelijk dwongen 't toch troch te setten omdat ik wol fjilde dat ik 't heel graach woe. 't Wie natuurlijk helemaal net erg ('t sjitte allinnig ien fan de famkes wermei ik op stap gong wat yn 't ferkeardekeelgat, dus dat wie even net sa'n leuke sfeer, mar bin eroerhinne kommen, gelokkich....;))en we he myn jiddie fuort de dei dernei (toansdie te joen) mar even viert. Ik hie self een taart kocht en wat oar iten om gewoan even wat nei te sitten mei een biertje der bij, mar toen drukten ze my de joens yn ien kear yn een stoel, setten een kroantsie op myn holle die ik beslist net audwan mocht(dat he jim waarskijnlijk wol op facebook sjoent),njemden ze my princessPep (die namme liet ik valle yn een gesprek oer'nicknames' en dat skienden ze makkelijker te fienen dan Hylkje, dussawur ik no dus voorstelt)en kwammen ze mei aljer ferskillend iten (Australisch iten foaral) oan, onder andere een 3 lagen meatpie 'taart'. Meatpie's binne(folgens mij??)typische Australische taartsies mei fleis en soms grienten der yn en die binne echt geweldig hehe.

Sa dus myn jiddie viert mei bundaberg en wodka's der bij en ik krieg leuke kaartsies en een moai oantinken-tshirt fan ze hihi, wie wol heel leaf.

De deis dernei nog wurke tot een oer as 11, dernei heeeel snel doucht en myn tas ynpakt (dat durre wat langer dan ikplant hie, al myn troep skynt er elke keer wer net yn te passien, hoefolle ik ik fuort gooi) en toen war ik ophelle troch een maat fan myn boerderij-collega, en dermei he ik 5 oeren yn de auto sitten, wie heel relaxed, ik hald fan toere en dan mei sa'n utsicht, ken net better.

Toen we yn Adelaide oankwammen, koe ik mei ze mei nei de camping (vet luxe ding, hie ik helemaal net tocht) mei een swembad en alles der yn en ik mocht yn Jimmy (een oare boederij-collega;)) syn auto sliepe, hie ik mooi myn eigen keamerke (wie best grut, jerrr..!) wat ik wol even mooi foen, koe ik my weromloeke at ik dat woe.

Alle minsken die jir yn dat huske siten, koen elkoar helemaal net, mar dat skiende se net ut te meitsien, hien fut grut praat en toen he we mei syn allen oan 't bier sitten, wat ik wol gesellich wie. De folgende dei moest ik mar even betiid fan bed, mar dat wie no net sa erg (hoefde net te wurkjen hihi), we gongen nei de autorace. Ik hie 't my foarstelt as een autocross, us autocross yn Wolsum of Sint-Maarten. Mar 't lieke der net echt op...bleek ik op een vette autorace van 't jier te sitten, die race die't op televisie komt.....Mocht er ien nei sjen, ik stean nog (net sa charmant) mei fan die grid-girls op de foto (tsja..) en dat war even mooi filme, wat best ongemakkelijk wie mar de lol wie der wol fan yn te sjen.

Der bin we twa dagen west, de twadde dei stieng ik gjin moment sunder 'drinken', omdat iederien oan iederien fertelde dat 't myn 'birthday' wie en der wurre ze dan echt blij fan haha, mooi.
En de race,dat wie eenvetttt grut evenement mei joens concerten (aljer Australische bands, sommigen wien echt supergoed nei myn miening...!!!) en motorshows en wit ik wat aljer. He wer even aardig de toerist uthongen dus de foto's komme snel (wol op ien of oare manier wer net op deze computer, is wol wat jammer) .

Joed even een rustdei (lis 't leafst de hele dei op bed want bin wat wurrich en min, mar dat lieket my dan wer sa 'sonde', omdat 't sok mooi waar is en ik de kans krij om yn 't swembad te springen (of, langsaam een oere lang probere via de treppen der yn te stappen, lieket my meer foar de han lizzend)) Mei jir nog steeds een pear dagen bliuwe tot oan toansdie, sol moan miskien nei een cricket-wedstriid (moest ik meimeitsie foen ien fan myn collega syn maten) en Adelaide een bietsie besjen en dan nei een hostel foar 2 nachten, he ik wol even sin yn, lekker niks dwan (der hald ik wol fan bin ik achter) en dan nei 't westen fjidder, he ik heeeeel erg sin yn. 't wud hoe fjidder nei 't westen, hoe leger 't lan is, is sa mooi om te sjen. He fan aljer minsken jir tips kriegen wer ik hinne gean koe en hoe ik der komme koe en blabla, dus dat sol ik 's even utsiekje.

No sol ik myn lekker roekende ko'e klean even utwaskje en dan wer mei myn fuotten omheech oppe bank tink...!

Trouwens, bedankt foar al jim felicitaties en smskes, fienk sa leuk om te krijen!

Op de boerderie

He de computer wer even witten te bemachtigen, dus sol even fertelle wer ik uthingje, net ferrekte interessant mar dan bin jim wer even 'bij'

Cool
Sit nog steeds bij Rob en Debra thus en dat giet wol goed. Bin elke moan oant wurk jirre, ried ik op een quod troch grutte stikken lan hinne om restjes voer ut de megavoerbakken te vegen en skeppen en ze dan mei myn 'bike' te besprayen mei ien of oar raar giftig goedje. Sa lang at 't net gigantisch warm is, is 't een machtig gevoel om op dat ding om te skeuren, jir en der een veegke en skepke te dwan en dan wer fjidder, heerlijk.

Dat doch ik tot een oer as 12, 1 (hinget er fanau hoe snel ik opstart:)) en dan gjin ik werom nei 't hus en meastal gean ik dan nei een calving paddy (wit net krekt hoe je dat skriuwe) wer Rob wurket. Datbinne lytsehuskes yn't midden fan 't lan (de kij binne opdeelt yn aljer groepen omdat 't er safolle binne) en der wurre ze injecteert at se siek binne en yn de gaten hoden at se al kjelle he (jaja), sa wat. Meastal bin we der dan mei syn trijen, een oar famke ut Engelan wurket jir ik, en dat is wol gesellich. Moest wol wat wenne oan dat wurk, ik bin net altiid een even grutte dierenliefhebber ehe, en no moest ik krek geboren (dus slijmerige, bloederige) kjeltsies ut 't lan yn een karke gooie, ze voere mei een 'tube', een flesse mei een hele lange slang der oan, earmerken yn de earen knippe (aaaaah)en sieke kij probere drinken te jan enz.

Dat opheljen gong nog wol, al foen ik de 'memmige' kij net sa leuk, die wurre vet lilk at je hun kjeltsies bij ze wei hellie (ken my der wat bij voorstelle) en sommigen probere je oan te vallen (gadverdarrie) en dan mut je heel stoer dwan en boe roppe, mar ik bin altiid bang dat 't een hele slimme ko is die heel snel drave ken en je hoe dan ik oanvalle sol.....
Iets erger fien ik 't 'tubing', se fertelden my doodleuk dat at ik de slang yn 't ferkearde gat stoppe (en dat skient heel makkelijk te gean) ik 't kjeltsie 'kille' soe, en dat griisde my oan...de eerste keren dat ik 't dwan 'moest', stiengen de trinnen my hast yn de eagen, sa graach woe ik dat NET dwan, mar nei een pear kear trochsette,giet 't dan toch ik wol wer en no makket 't my ik net een hele soad mear ut (foaral ik omdat ik nog steeds alle kjeltsies yn leven witten hef te halden op ien of oare manier).

Sol ik nog even een mooi ervarinkje vertelle, fannacht wie 't sa warm binnen, dat we tenten opsetten he om buten te sliepen. 't wie een 'mosquito tent' (mei gatten, jammer genoch) en dus koen je fanut je slaappositie sa de stjerren bekieke. Wie vettt mooi om te sjen, iPod der mar bij op (want jerde de hunnen om myn tinte hinne rinnen en dat foenk net sa leuk) en mar sliepe. He wol even ien fan myn angstmomenten hant, toen de hun begong te blaffen en ik derfan wekker war midden yn de nacht en my betocht dat hunnen altiid allinnig blaften ot er ien of iets wie, gadverdarrie, dus heel lang wekker leint en opletten, mar uteindelijk mar wer yn sliep fallen. Wie wol heel apart.

Fjidder he ik jir op stap west mei een pear famkes die jir ik op de boerderij wurkie en dat is wol heel gesellich. He allinnig myn tean der wol bij brutsen (jerde de knak wol, mar wit net hoe dat nou eigenlijk kwam).'t is no trije dagen lang oergriiselijk (!) warm, roen de 40 graden (en dan wie nog niks, folgens de 'locals'...:|) en derom binne we no een pear kear nei 't stran west (mei wetter dat ut de richting fan de zuidpool komt, dus dat kuolle wol au) en nei the Little Blue Lake, een soort gat yn't midden fan een stikje lan mei blauw/grien wetter der yn, heel apart. Je koen fanau de ranne nei beneden springe (sa'n 17 meter) en dat besluten we dan even te dwan, 't war ien fan myn grutste angstmomenten. He sa gilt, mar op 't letst (je hingje sa'n 2 seconden yn de loft) wie ik sa bang dat ik net meer gille koe en blykbaar sprong ik op een ferkearde manier, want ik plofte yn 't wetter as siet ik yn een stoel en dat dot nogal sear.....myn hele achterkant wie read/blauwig en der war even flink om lake troch alle omstanders (uhuhhh..)

En foar de rest sol ik no nog 5 dagen jir wurkje en dan nei een rodeo yn Mount Gambier, lieke mie wol even leuk

Laughing
En dernei op stap en de snein dernei myn jiddie viere (woeeeh). En dan wol ik wer fjidder. 't is wol best jirre, vet aardige minsken, mar wurkje is toch mar gewoan wurkje en 't is net sa heeeel folle oas as yn Nederlan, minder ferskillend dan at ik tocht (behalve 't bierdrinken dernei dan). Wol heel super dat ik 't 's ervaren he op sa'n megaboerderij. Mar goed, dernest wol ik wol heel graach even allinnich te toeren, he ik even heel erg sin ynen dathef iksoms ik even noadig. Fjidder he ik contact mei een pear Nederlanders en die gjinne een 4 wieken durende toer troch 't westen dwan oer twa wieken en ik mocht wol mei, dus dat sol ik no wer even probere! Se vertrekke fanut Adelaide dus der mut ik even sjen te kommen. Soe miskien mei een vrachtwagen mei, mar se woen 't risico net nimme dat ik wol 's mei ien of oare gek opskeept wurre koe, dus no de bus mar.

He trouwens aardig wat foto's makke mar toen ik se op de computer sette soe, koe ik se net echt fiene en toen ik dernei op myn camera seach, stieng er gjin enkele foto mear op. Ik tink no ken ik de hele reis opnij dwan gean, mar 't foel mei gelukkig, se wurre automatisch importeert op deze computer (der he ik wol even op om skolden, wat is dat no wer...

Sealed
) dus at 't goed is en ik moan wer even computerie ken, set ik se der even op, sit no op 't ferkearde account, heel verhaal.

He wol besluten om eerst net meer te werken, at ik nei 't westen gean. 't skient der nog krek even wat warmer te wezen en dat wurkjen wol dan net, al die rotmiggen om de kop de hele tiid, leauw 't of net, mar der wur je gekker fan dan de warmte self! Selfs at we nei 't stran gean, folgje die rotbeesten us, bah.
Wol een pear tochten dwan en dan een adres ut myn Wwoof boek te sykjen, mar wer 's probere! Mar safier bin ik nog net, eerst mar nei Adelaide.

Mei myn unwennighiid giet 't wol goed no, wol 't sa graach net heffe, mar soms komt 't toch 's even, foaral at ik heel erg wurrich bin. Mar fermeitsie my wol en bin eindelijk wat went oan 't jir leven, dus dat sol goed komme., tink ik.


No sol ik myn bed mar wer opsykje, net al te folle sliepen fannacht heheh, groetsies der mar wer en lit wol wer 's wat jerre!

Even een snel ferhaaltsje!

Haaaay,

Sol jim even bijprate, sit no even yn de bibliotheek mar mei weinig tiid (alwer).
't Is jir no moans 10 oere en ik sit mei Debra yn de bibliotheek, fannemoan hun twa pake-beppe sizzers nei skoalle brocht en no mut we even wachte tot 12 oere. Lisa is allinnig yn de auto fut gongen mei een Franse jonge en ik bin jir bleunt. Ik bin no dus bij Robert en Debra, de minsken wer Douwe en Age ik west binne (jer een soad leuke verhalen heheh(6)), en dat bevalt my wol. De middies dat ik er kwam wie Rob al oant wurk siekjen far my (he toch net safolle jild mei as ik tocht) en een oere letter koe ik mei nei de boerderij, want 't wie drok. Een boerderij mei 1600 kij en die moesten molken wurre en dan ken je wol riede wie der mei meihelpe mocht heheh. Dusik der ombeuligje tot 10 oere joensen he der no nog spierpine fan, twa dagen letter, mar wie wol een vet leuke ervaring, mega grut alles derre en he nog nooit safolle kij yn een pear oeren sjoent, droomde er die nacht selfs oer;) Der wurken een hele soad minsken en mei echt Australische famkes sol ik freedtejoen even op stap jirre, bin wol benijd hoe dat gean sol....! Se he een grut accent en ik ken de helft net ferstean mar se binne wol ferskrikkelijk aardig.

Fjidder he ik besluten jir even te bliuwen, ik tink een moanne en dan wer allinnig fjidder. Dat allinnig fienk ik wol best, je kenne lekker beslisse wat je wolle en bij alles wat je doche nimme je je tiid, want er is toch net ien die wacht. Ik sol de westkust augean, der ist leger en dat fien ik machtig, aljer fan die rare beesten jirre (gelokkich nog net echt slangen en spinnen...).

Juster hie ik even een rustdagje en toen kwam Rob op 't idee far mij om op de mountainbike nei een rivierke te crossen en der te swemmen. Ik tink dat is no leuk, ik hald fan fietse sa at jim wol witte en swemme fien ik ik wol leuk. Dus ik mei myn spierpine op die fiets klimme, tas mei mei een fles wetter (want oas lis ik healwei utdroege nest myn fiets) en een handdoekje der yn en der gong ik. Ik wie fan plan er echt hinne te CROSSEN, mar myn fuotten lieten 't net echt ta en de bergen jirre ik net, 10 meter en toen stieng 't swit my op de kop en woe ik eigenlijk al wer omkere, mar he natuurlijk trochsetten, lit my net kenne tsjinoer myself (een oar wie der net). Elke automobilist die langskwam siet mie flink ut te leitsjen en selfs de kij yn 't lan nest de dyk seagen aljer mei een verbaasde kop (tocht ik) op, at ik foarbij kwam mei myn slakkengankje op myn fjisten te lytse fiets en een een mooie helm oppe kop (oas krij ik een boete, war my verteld en aangezien ik net safolle jild he....) .

Mar goed, ik bin oankommen nei een lange tocht, wiels ik bang wie far kangaroe's die ut de bushbush komme soen, omdat ik krek een ferhaal lezen hie oer een ald vrouwtsje die oanfallen wie troch een kangaroe en die moest rare dingen dwan om 'm au te skrikken en der hie ik net safolle sin yn. Mar der wie een lyts doarpke en de dyk wie ausluten, mar ik gong er mei myn stoerste blik yn de eagen toch gewoan langs en toen seag ik aljer bouwvakkers en die begongen te roppen en toen wie ik net sa stoer meer en bink mar omkeert. He ik ergens een (yn myn eagen) geheim dykje nei beneden foent en sa seag ik heal toch de rivier, vettttt mooi! No solle we der nog een kear hinne om ik werkelijk te swemmen (der bink net oan ta kommen) en ik solle we nog nei de see ta (he my wol even overtuige litten fan 't feit dat er ECHT net aljer haaien swemme, sa at ik eerst ik lezen hie ergens,..stomme magazines ik)

Noo ja en fjidder he we justerjoen op 't verandaatje buten een bierke oant drinken west tusken de hunnen (wat bin ik no blij mei myn welkoop-hunne-ervaring) en dat is jir wol mooi, ik bin went om nei 't wurk snel nei hus, douche, miskien televisie sjen en op bed, wachte tot 't wiekein is fardat je even rustig oan dwan kenne, jirre gean ze eerst mei syn allen bier drinken (ik op tiisdie tejoen) en dan thus soms nog 's even wat drinke en rustig iten meitsie, boeten sitte, joens nog wat leze of televisiesjen, of boeten sitte, en dan op bed. Bin nog steeds net sa rustig as at ik tocht, mar 't sit 'r oan te kommen hehe.

Bin wol blij dat ik fan de auto au bin, 't wie net helemaal wat ik er fan tocht hie sa at jim wol witte en no wit ik 't wol helemaal seker. Ik wol (sa as ik al jedder sei......) nei de westkust en dan nei 't noorden en miskien nei Alice Springs yn 't midden, mar ik jerde no dat dat mar leuk is far 2 dagen (om de zonsondergang en de zonsopgang op de Ayers Rock, een pear rotsen, te sjen) en that's it... Ik sol wer yn hostels sliepe en miskien wat minsken ut myn Wwoof boek opsiekje, want dat lieket my ik wol heel leuk.

No is myn tiid wer op, folgende keer mar weer 's.

Groetsies maar wer der!;)

Wer allinnig op'e backpack

Heeey!
Jir wer even een ferhaaltsie, tink net dat 't een grut ferhaal wud want ik he net safolle tiid mear oer en ik wur de hele tiid auleiden troch een alde man nest my dy om de 10 seconden hast fan syn stoel falt omdat 'r yn sliep falt.. tink ik...

Mar goed, ik bin no alwer een heel ein fjidder, ynmiddels yn South Australia (wer ik myn eerste blunder mei de tiid al hant he, 't giet jir een jeloere achterut, wist ik veel...) en 't waar is jir iets better.

Ik war wat gek fan dat auto reizigjen. 't Klinkt aljer heel leuk, je binne vogelfrij, kenne sliepe wer je wolle en gean wer je wolle. Mar 't foel wat au, 't waar (natuurlijk) wie wer rein de eerste wieke en we he eigenlijk allinnig mar hele einnen ryden, om dat te ontvluchten. Der kwam bij dat at we ergens sliepten, we elke moan wekker warren troch aljer minsken om us auto (net dat se op de ramen sieten te bonken, mar ergens wien ze toch wol nijskjirrig nei wat er der binnen lei te tukken) en de gordynen die we fan us mooie Australische vlag handdoeken makken, holpen dernet echt tsjin.
Soms wie 't trouwens wol heel mooi, we he een pear kear op een parkeerplak oan de see sliepen en dan wur je heerlijk wekker, foaral at 't net gloeiend warm is de folgende deis. En letsten yn een bosk (wat ik eerst een heel eng idee foen, mar gelokkich wien er meer lotgenoaten) en ik der wie 't vet lekker rustig en he we moans buten (wer oas) sitten te ontbijten en dan ken je rustig op gang komme (wat we beide noadig he).

Toch wie 't net echt alles wat ik nou eigenlijk verwachtte fan myn reis, 't begiet wat te vervelen nei een tiidsie en je ontmoete weinig oare minsken (op sommige aardige campervanbewoners nei dan) en ik de manier werop de 'locals' jir leven giet totaal oan je foarbij, wiels dat just wie wat ik sa graach sjen woe jir. Dus toen he ik een Wwoof boek kocht, sommigen witte dat miskien wol, der stean aljer adressen yn fan minsken wer je 4-6 oeren per dei werke kenne en yn plak derfan kenne je der dan sliepe en ite. Dat is wat simpel seint, meastal nimme ze je ik mei op tochten om dingen te besjen dy mooi binne yn de buurt.

Dat is myn plan nou en hoop dat 't aljer wat lukke sol. Ik sit er net meer sa oer ien os eerst. He een hele minne wieke hant jir, weryn ik eigenlijk wol nei hus woe (mede troch de hast oankommende elfstedentocht, hehe) en dat wie echt net sa leuk. Je binjir toch mar allinnig sa at ik al faker seint he en je kenne net even nei ien ta om te jammerien oerhoe je je fjille (sa os je miskien wol doche at je opjeself wennien gean bijvoorbeeld,wanneer dat even net giet). Dus dat wie even trochbite haha, mar der bin ik no wer wat oerhinne en fjil my no better dan ooit jirre, begjin 't echt heel mooi te fienen jir en te genieten fan alles wat ik sjug (kangaroe's natuurlijk).

Noo, myn tiid is echt op en wol net dat myn verhaal wer ik myn energie yn stutsen he, no fan 't beeldskerm ferdwynt dus dit wie 't eerst even. Foto's lukt my even net, rotcamera soms..!

Groetsies der mar wer!!

Ahhhh, eindelijk warm!

haaayy!

Der wie ik wer even, sol 't koart halde want bin net echt yn een vette skriuwstemming, mar sol even wat bijprate. We binne no yn Albury en eindelijk is 't safier; mooi waar!

Een pear dagen lient bin we yn Byron Bay west, foel my een bietsie au mar dat ken ik fan 't waar komme natuurlijk...;) Fanut der binwe een dei nei Nimbin west heheh, ien lyts strjitsje en that's it. De minsken bin er tink ik 't allerallermeast laid-back-achtigen fan Australie en se hingje aljer wat op strjitte om, far hun winkeltsje want iederien skient wat ferkeapje te wollen;) mar 't wie echt machtig om 's even te sjen.

We woen eerst nog meerdingen besjen (Blue Mountains, riviertjes...) mar 't waar wie sa verskrikkelijk dat 't ienige plak wer we weze koen yn de auto wie en dat is net altiid even leuk mei de stjonkende wiete handdoeken en oare was, wat dan wer net opdroegje wol troch 't rotwaar. Lisa war der net echt blij fan en myn humeur gong er ik allinnig mar op achterut dus toenhe we beslutenwe dat we 't wol bekeken hien oan de oostkust en dat we mar 's fjidder moesten. Dat war dus 's nachts hele einen ryde (omdat we beide fan nachtryde halde) mei us vette muziek oan en de ramen iepen (mocht 't even net reine dan..) Echt heerlijk!
En dan 's nachts een plakje opsykje wer 't te dwan wie om te sliepen, snel 't bed utrollie (sol nog even foto's plaatse fan de auto ensa, ken je 't je voorstelle) en dan mar wer sliepe om moans wekker te wurren mei een wiet bed omdat we de ramen wat iepen hoden hien.., je wolle toch ik wer net heal stikke.

Ien nacht he we een heeeeel ein oant riden west omdat we net een plak fiene koen om te sliepen. Meastal he je om de 20 km ongeveer een 'rest area' nest de dyk, een parkeerplak mei een wc, wetter en soms picknickbankjes en een douche (at je gelok he) wer meerdere campers en auto's stean om even te tukken. Mar dit keer net en we wien hast moedeloos toen we midden yn de nacht een afgelegen parkeerplak nest de treinrailsfoenen wer nog een pear campers stiengen (en wer 't dus net verboden wie om te sliepen, want dat he je ik wol gauw 's). Dus wij der mar sliepe en toen we de folgende dei wekker warren, seagen we rucht yn de eagen fan een pear Australische mannen, wat even skrikke wie. Mar toen we ien kear klear wien om te praten (ochtendhumeur) bleken ze heel aardig te wezen en begongen drekt hele ferhalen te vertellen. Sa kwammen we der op dat us 'cigarette-lighter' 't net dieng en dat soen sij wol 's even meitsie. Neidat se hast de hele auto ut elkoar skroeft en wer yn elkoar setten hien, kwam de iene man er achter dat je allinnig de oansluting wat verskowe moesten, werbij hij syn finger even flink ferbrande. Wij dus superrrrblij (behalve oer dat fan syn finger, natuurlijk..) en toen he we fut mar een koelbox kocht en ik he de tomtom ut myn tas fiske en der gongen we! 't wurket net aljer lieke goed, mar 't is te dwan. Ik he we een douche kocht (oftewel, een soort grutte tas wer je wetter yn doche en die je ophingje,...jim snappe 't wol) en fannemoan yn de sinne yn de middle of nowhere (noja, flak bij de highway dan) oant douchen west yn de vette wilde natuur, hehe. Wat een utfiening :D!

Folgens mij he een aantal minsken 't wol seint, mar bin er no echt oer ut, de oostkust is net echt geweldig. Wol foar een aantal wieken om wat te socializen en de tourist ut te hingjen en te feesten, mar far mij ist dermei ik wol gebeurd. 't is der saaaaa touristisch en overvol, minsken bin er minder aardig en 't waar is ik nog min + dat 't er net echt mooi is. We he dus besluten nei 't suden en miskien nei de westkust te gean om der 's fjidder te sjen en bin drekt al gigantisch blij mei wat we jiraljer al sjoent he,meer dan de trije wyken jirfoar.

No, tiid is wer op, wesolle we wer fjidder reizigje nei Melbourne om de auto oer te skriuwen, verrekt ding. En dan de adreskes langs fan minsken die Lisa kent en miskien richting Adelaide.

Groetsies der mar wer!