hylkjeynaustralie.reismee.nl

Letste moannen & Bali

Ik he net safolle sin meer om te skriuwen de letste tiid, sa at jim fast wol sjuche, mar ik he helemaal niks te dwan joed dus dan toch mar even een ferhaaltsie, far at jim witte wolle wat ik aljer utvret:D.

Ik sit jir no yn Darwin yn de motel, want alle hostels wienen vol, bietsie bale dus mar oan de oare kant wol even lekker myn eigen keamer te hewwen nei al die tiid mei aljer minsken te wezen (dat njem ik jir ik wol myn Ipodmomenten.....)
Ik bin juster werom kommen fan Bali, wer ik 8 dagen sitten he. Wie der echt supermooi en fynt om heeeeeel eerlijk te wezen, leuker dan yn Australie. 't Is jir mooi om roen te reizigjen mei al die oare backpackers, leerst minsken ut aljer ferskillende lannen kennen en ik he dan ik nog aardig wat reisjes te gean, mei iederien prate je wol au om elkoar op te sykjen nei de tiid, wol heel leuk. Mar oan de oare kant is 't jir toch wol heel erg deselfde cultuur as yn Nederlan, 't is een Westers lan en dat merke je wol. Allinnig de Aboriginals binne oas en dat fyn ik heel interessant. Ik he soms gesprekken mei ze, op strjitte, mar de echte alde cultuur ken je heel moeilijk fyne, omdat de measte Australiersjir nogal racistisch binne en der niks mei te meitsien he wolle, bietsie jammer.
Mar goed, fjidder is 't jir dus 't selfde, foaral de grutte steden, derfoar hoeve je jir net nei ta te reizigjen;) Wol fyn ik 't heel mooi om de westkust sjoent te hewwen, der ist toch oas, aparter en de minsken wennie fjidder ut elkoar wat 't ik wer een oare sfeer joud.

Yn Bali skrok ik eerst dus wol even, wat oas..! Ik kwam op 't fliegfjild mei een onnoazele kop, rin nei de ban wer je baggage oankomt, aljerrrr minsken yn blauwe pakken derre. Ik tink goh he die ik bij us yn't fliegtug sitten..? Dat ik dat mist he, tjonge.. En toen seag ik dat se de baggage fan minsken hud futgristen en dan 't meinammen, nei hun taxi hihi. Dat wien dus gewoan taxichauffeurs. Wol appart, se binne der een bietsie pusherig mar toch op een heel aardige manier.
Een pear backpackers hien us de tip joent om nei Gili ta te gean, ien fan de eilannen net fier fan Bali (ik bin net goed yn topografie, mar we koen der mei de boat hinne yn een oadeloere) omdat dat heel mooi skient te wezen. Dus ik Hiske freegje hehe en die liet my foto's sjen, lieket wol een paradijs derre!! Dus de folgende dei fut mar een tocht boeke, miljoenen rupiah's utjoent (dat fjilt vet raar, dat ferskil mei de dollar of euro:p) en der hinne.
Heeeeeeel mooi waar derre en een vet blauwe see, gjin auto's of wat ik mar een motor het te bekennen, allinnig hynders mei een karre:D

Der bin ik 6 dagen bleunt,om myn dukcursus te dwan. Ik moest wat papieren ynvulle fan te voren en der wie een fraach at ik claustrofobie hie of iets yn die richting. Ik heel stoer 'Nee!' oankrusse, der kwam ik dus wol achter. Wit net wer 't mei ut te stean het, mar toen ik ien kear yn 't wetter lei mei myn pakje oan en we us sinke litte moesten, krieg ik 't toch mar best benauwd. De eerste trije keer dat ik doeke moest he ik elke keer een paniekoanfal hant, net sa handig at je oender wetter binne. Dus ik soe alle keren allang wer opjan (bin soms net sa'n trochsetter) mar toch mar folhalden en de letste twa doeken gong alles goed, heeeele mooie dingen sjoent en no he ik myn certificaat, whoehoeeee. Dus papsie we kenne te doeken yn Cairns:D.


Fjidder leerde ik de minsken op strjitte der wat kennen, omdat ik elke dei allinnig honderd keer hinnewer roen tusken 't huske wer we yn sieten en 't doekcentrum. Dus op 't letst siet ik nei 't doeken der wat ut te rusten en minsken te besjen en wat te praten, wat ik wol gesellich foen. Mar ik wie oorspronkelijk mei de twa Dutse famkes die ik yn Geraldton kennen leert hie der hinne en dat roen net sa lekker. Sij hien oare dingen yn'e holle dan ik en dat brocht wat spanning en dat makke ik allinnig mar erger troch te sizzen dat ik langer op 't eilan bliuwe woe, omdat ik Kuta net sa leuk fyn. Noja toch myn gang gient (mei grutte moeite, ik ken net sa goed minsken teleurstelle..) en der bink achternei wol blij om west, he 't echt machtig hant derre en sit er suver oer nei te tinken werom te gean oer een skofke.

Noja sol nog even kort een ferhaaltsie dwan fanau 't vorige ferhaal want der sit ik wol wat tiid tusken. Nei '3 wieken wurkie hie ik skjin myn nocht en beslutte ik dat ik myn letste oadelmoanne allinnig net verknoeie woe oan wurk. En omdat ik wol genoch fertsjinne hie he ik dus seint dat ik fut gong (alwer minsken teleurstelle:P) en toen bin ik nei Broome gient, 5 dagen der sitten (net folle interessants, ik bin wat saai bezig) en toen nei Katherine, een sted mei een heeeele soad Aboriginals. Iederien slaat die sted oer, om die reden, mar ik woe per se 't Nature Park sjen derre dus he'k de bus boekt. Yn de bus warren my aljer enge ferhalen ferteld oer Katherine en ien kear oankommen seach ik wat skichtig om my hinne, mar dat foel natuurlijk reuze mei. Ik siet der yn een hostel mei mar 8 oare minsken (wie wat een private hostel achtig iets) en dat wie wol lekker rustig. De tredde dei een vette stap dient hehe, allinnig nei dat Nature Park west. Ik tink se sjuche my aljer oan omdat ik jir allinnig oansetten kom mar toen he ik heel dapper tocht dat se my ik heus wol oansjen mochten en he ik allinnig een berg beklommen (der binne die letste foto's fan).

Eerst foen ik 't mar niks, der wie net ien te bekennen op dat paad en 't wie nogal wildbegroeid (en sinds ik my fertelle litten hie dat der wol 's bull's roen roenen....) dus ik fjild my net ferrekte veilig. Mar he wer een trochsetmomentje hant en letter gong 't wol. Bergen wetter drinke omdat 't heel erg warm wie en nei oadeloere kwam ik bij een utsicht, ien fan de Gorges (stiet ik wol op de foto). He yn tiiden net sokiets moois sjoent en fjilde heel apart dat er fjidder net ien wie. Ik even wat ite heel eenzaam yn myn ientsje (wat net ferkeard wie haha) en toen een grut stik audaalt nei een lyts watervalletje wer je dan swemme koen (yn al dat oare wetter sitte krokodillen). Letter wer werom roent en koffiedronken en nog een boattocht dient troch die Gorges hinne. Krokodilletjes sjoent (net fan die grutten, die he ik allinnig mar yn een soartemei dierentun sjoent jirre..:p) en toen werom.

Dat wie 't ik wol hast wer, wit sa net wat ik wol en net opskriuwe sol en ik he nog mar 5 minuten internet dus ik hald der wer mei op.

Miskien oer een pear wyken nog een ferhaaltsie oer de vette roadtrip mei papsieeeee haha en oas sju ik jim oer een moanne wol wer!

Groetsieeees!

Reacties

Reacties

His

Hey peppie!
Wat super cool dast indonesië waardere koest :D heel folle minsken fine 'oars' gelyk raar en negatief, foaral as se der mar heel koart binne! En dyn dûkbrevet (brefet??), knap hjer! En leuk om te hewwewn! Bin benijd nei dyn ferhalen oer de aboriginals, ik hearde al wat fan mem, eeeecht raar :O
Wauw, ik krij wol sin yn dast wer thús komst!!
Geniet fan dyn leste moanne! Ik sil heit tongersdei (moarn!!)nei et vliegveld bringe :P giest ik nog nei tasmania?
Nooo, dikke tút!

His

Oh, heit giet hjoed al, sjuch ik yn myn agenda!! ;)

sjenkiee

Sjakieeee! jonge wat Super vét! aah ik mut ek ooit nog es nei Indonesië! haha kest do my mooi ienljochtsje!
Ha der ek wol sin ien dast wer thus komst! maar nog hiel folle plezier mei dien heitie derr!!! Geniet derfan!! xx

{{ reactie.poster_name }}

Reageer

Laat een reactie achter!

De volgende fout is opgetreden
  • {{ error }}
{{ reactieForm.errorMessage }}
Je reactie is opgeslagen!