hylkjeynaustralie.reismee.nl

Op de boerderie

He de computer wer even witten te bemachtigen, dus sol even fertelle wer ik uthingje, net ferrekte interessant mar dan bin jim wer even 'bij'

Cool
Sit nog steeds bij Rob en Debra thus en dat giet wol goed. Bin elke moan oant wurk jirre, ried ik op een quod troch grutte stikken lan hinne om restjes voer ut de megavoerbakken te vegen en skeppen en ze dan mei myn 'bike' te besprayen mei ien of oar raar giftig goedje. Sa lang at 't net gigantisch warm is, is 't een machtig gevoel om op dat ding om te skeuren, jir en der een veegke en skepke te dwan en dan wer fjidder, heerlijk.

Dat doch ik tot een oer as 12, 1 (hinget er fanau hoe snel ik opstart:)) en dan gjin ik werom nei 't hus en meastal gean ik dan nei een calving paddy (wit net krekt hoe je dat skriuwe) wer Rob wurket. Datbinne lytsehuskes yn't midden fan 't lan (de kij binne opdeelt yn aljer groepen omdat 't er safolle binne) en der wurre ze injecteert at se siek binne en yn de gaten hoden at se al kjelle he (jaja), sa wat. Meastal bin we der dan mei syn trijen, een oar famke ut Engelan wurket jir ik, en dat is wol gesellich. Moest wol wat wenne oan dat wurk, ik bin net altiid een even grutte dierenliefhebber ehe, en no moest ik krek geboren (dus slijmerige, bloederige) kjeltsies ut 't lan yn een karke gooie, ze voere mei een 'tube', een flesse mei een hele lange slang der oan, earmerken yn de earen knippe (aaaaah)en sieke kij probere drinken te jan enz.

Dat opheljen gong nog wol, al foen ik de 'memmige' kij net sa leuk, die wurre vet lilk at je hun kjeltsies bij ze wei hellie (ken my der wat bij voorstelle) en sommigen probere je oan te vallen (gadverdarrie) en dan mut je heel stoer dwan en boe roppe, mar ik bin altiid bang dat 't een hele slimme ko is die heel snel drave ken en je hoe dan ik oanvalle sol.....
Iets erger fien ik 't 'tubing', se fertelden my doodleuk dat at ik de slang yn 't ferkearde gat stoppe (en dat skient heel makkelijk te gean) ik 't kjeltsie 'kille' soe, en dat griisde my oan...de eerste keren dat ik 't dwan 'moest', stiengen de trinnen my hast yn de eagen, sa graach woe ik dat NET dwan, mar nei een pear kear trochsette,giet 't dan toch ik wol wer en no makket 't my ik net een hele soad mear ut (foaral ik omdat ik nog steeds alle kjeltsies yn leven witten hef te halden op ien of oare manier).

Sol ik nog even een mooi ervarinkje vertelle, fannacht wie 't sa warm binnen, dat we tenten opsetten he om buten te sliepen. 't wie een 'mosquito tent' (mei gatten, jammer genoch) en dus koen je fanut je slaappositie sa de stjerren bekieke. Wie vettt mooi om te sjen, iPod der mar bij op (want jerde de hunnen om myn tinte hinne rinnen en dat foenk net sa leuk) en mar sliepe. He wol even ien fan myn angstmomenten hant, toen de hun begong te blaffen en ik derfan wekker war midden yn de nacht en my betocht dat hunnen altiid allinnig blaften ot er ien of iets wie, gadverdarrie, dus heel lang wekker leint en opletten, mar uteindelijk mar wer yn sliep fallen. Wie wol heel apart.

Fjidder he ik jir op stap west mei een pear famkes die jir ik op de boerderij wurkie en dat is wol heel gesellich. He allinnig myn tean der wol bij brutsen (jerde de knak wol, mar wit net hoe dat nou eigenlijk kwam).'t is no trije dagen lang oergriiselijk (!) warm, roen de 40 graden (en dan wie nog niks, folgens de 'locals'...:|) en derom binne we no een pear kear nei 't stran west (mei wetter dat ut de richting fan de zuidpool komt, dus dat kuolle wol au) en nei the Little Blue Lake, een soort gat yn't midden fan een stikje lan mei blauw/grien wetter der yn, heel apart. Je koen fanau de ranne nei beneden springe (sa'n 17 meter) en dat besluten we dan even te dwan, 't war ien fan myn grutste angstmomenten. He sa gilt, mar op 't letst (je hingje sa'n 2 seconden yn de loft) wie ik sa bang dat ik net meer gille koe en blykbaar sprong ik op een ferkearde manier, want ik plofte yn 't wetter as siet ik yn een stoel en dat dot nogal sear.....myn hele achterkant wie read/blauwig en der war even flink om lake troch alle omstanders (uhuhhh..)

En foar de rest sol ik no nog 5 dagen jir wurkje en dan nei een rodeo yn Mount Gambier, lieke mie wol even leuk

Laughing
En dernei op stap en de snein dernei myn jiddie viere (woeeeh). En dan wol ik wer fjidder. 't is wol best jirre, vet aardige minsken, mar wurkje is toch mar gewoan wurkje en 't is net sa heeeel folle oas as yn Nederlan, minder ferskillend dan at ik tocht (behalve 't bierdrinken dernei dan). Wol heel super dat ik 't 's ervaren he op sa'n megaboerderij. Mar goed, dernest wol ik wol heel graach even allinnich te toeren, he ik even heel erg sin ynen dathef iksoms ik even noadig. Fjidder he ik contact mei een pear Nederlanders en die gjinne een 4 wieken durende toer troch 't westen dwan oer twa wieken en ik mocht wol mei, dus dat sol ik no wer even probere! Se vertrekke fanut Adelaide dus der mut ik even sjen te kommen. Soe miskien mei een vrachtwagen mei, mar se woen 't risico net nimme dat ik wol 's mei ien of oare gek opskeept wurre koe, dus no de bus mar.

He trouwens aardig wat foto's makke mar toen ik se op de computer sette soe, koe ik se net echt fiene en toen ik dernei op myn camera seach, stieng er gjin enkele foto mear op. Ik tink no ken ik de hele reis opnij dwan gean, mar 't foel mei gelukkig, se wurre automatisch importeert op deze computer (der he ik wol even op om skolden, wat is dat no wer...

Sealed
) dus at 't goed is en ik moan wer even computerie ken, set ik se der even op, sit no op 't ferkearde account, heel verhaal.

He wol besluten om eerst net meer te werken, at ik nei 't westen gean. 't skient der nog krek even wat warmer te wezen en dat wurkjen wol dan net, al die rotmiggen om de kop de hele tiid, leauw 't of net, mar der wur je gekker fan dan de warmte self! Selfs at we nei 't stran gean, folgje die rotbeesten us, bah.
Wol een pear tochten dwan en dan een adres ut myn Wwoof boek te sykjen, mar wer 's probere! Mar safier bin ik nog net, eerst mar nei Adelaide.

Mei myn unwennighiid giet 't wol goed no, wol 't sa graach net heffe, mar soms komt 't toch 's even, foaral at ik heel erg wurrich bin. Mar fermeitsie my wol en bin eindelijk wat went oan 't jir leven, dus dat sol goed komme., tink ik.


No sol ik myn bed mar wer opsykje, net al te folle sliepen fannacht heheh, groetsies der mar wer en lit wol wer 's wat jerre!

Reacties

Reacties

Dhana

Wat schrijf je toch ontzettend leuk! Soms even twee keer lezen (fries ;)). Ben benieuwd naar de foto's

Xxxx

His

Hoi Peppie, wat stoer wurk dochst! een echte cowgirl, mar dan op een quad ;) knap jer! mei die kij! vroeger wienen wij al bang as Femme boas op ús au kwam! Kin my wol foarstelle dast bang wiest, yn de nacht mei die hûnen! Foaral yn't donker en sa brrr! Mar oan oare kant jaaie se alle enge beesten en minsken miskien ik wol wer wat fuort! Wat bale fan dyn tean! No, weltrusten, en een dikke tút!

Reina

Moaie ferhalen en foto's! Kist 't moai fertelle ;-)
Stoere chick op'e quad, machtig moai!! Stiet die wol, hihi...
En nog een soad plesier der...

XX

Tjitske

Hee Hylk!

Super leuk verhaal wer!! Stoer jer dast dat ollejer dost! ;) Ik sol sa ik even reagere op dyn mail! =)

Dikketut!

Alie

Mooi dost ut oendanks dien gevoelens, it nei dien sin hest. Ik sol die dizze wieke wer efkes een mail stjoere oer ut reilen en zeilen jirre :-)

Leafs Alie

{{ reactie.poster_name }}

Reageer

Laat een reactie achter!

De volgende fout is opgetreden
  • {{ error }}
{{ reactieForm.errorMessage }}
Je reactie is opgeslagen!