hylkjeynaustralie.reismee.nl

Ahhhh, eindelijk warm!

haaayy!

Der wie ik wer even, sol 't koart halde want bin net echt yn een vette skriuwstemming, mar sol even wat bijprate. We binne no yn Albury en eindelijk is 't safier; mooi waar!

Een pear dagen lient bin we yn Byron Bay west, foel my een bietsie au mar dat ken ik fan 't waar komme natuurlijk...;) Fanut der binwe een dei nei Nimbin west heheh, ien lyts strjitsje en that's it. De minsken bin er tink ik 't allerallermeast laid-back-achtigen fan Australie en se hingje aljer wat op strjitte om, far hun winkeltsje want iederien skient wat ferkeapje te wollen;) mar 't wie echt machtig om 's even te sjen.

We woen eerst nog meerdingen besjen (Blue Mountains, riviertjes...) mar 't waar wie sa verskrikkelijk dat 't ienige plak wer we weze koen yn de auto wie en dat is net altiid even leuk mei de stjonkende wiete handdoeken en oare was, wat dan wer net opdroegje wol troch 't rotwaar. Lisa war der net echt blij fan en myn humeur gong er ik allinnig mar op achterut dus toenhe we beslutenwe dat we 't wol bekeken hien oan de oostkust en dat we mar 's fjidder moesten. Dat war dus 's nachts hele einen ryde (omdat we beide fan nachtryde halde) mei us vette muziek oan en de ramen iepen (mocht 't even net reine dan..) Echt heerlijk!
En dan 's nachts een plakje opsykje wer 't te dwan wie om te sliepen, snel 't bed utrollie (sol nog even foto's plaatse fan de auto ensa, ken je 't je voorstelle) en dan mar wer sliepe om moans wekker te wurren mei een wiet bed omdat we de ramen wat iepen hoden hien.., je wolle toch ik wer net heal stikke.

Ien nacht he we een heeeeel ein oant riden west omdat we net een plak fiene koen om te sliepen. Meastal he je om de 20 km ongeveer een 'rest area' nest de dyk, een parkeerplak mei een wc, wetter en soms picknickbankjes en een douche (at je gelok he) wer meerdere campers en auto's stean om even te tukken. Mar dit keer net en we wien hast moedeloos toen we midden yn de nacht een afgelegen parkeerplak nest de treinrailsfoenen wer nog een pear campers stiengen (en wer 't dus net verboden wie om te sliepen, want dat he je ik wol gauw 's). Dus wij der mar sliepe en toen we de folgende dei wekker warren, seagen we rucht yn de eagen fan een pear Australische mannen, wat even skrikke wie. Mar toen we ien kear klear wien om te praten (ochtendhumeur) bleken ze heel aardig te wezen en begongen drekt hele ferhalen te vertellen. Sa kwammen we der op dat us 'cigarette-lighter' 't net dieng en dat soen sij wol 's even meitsie. Neidat se hast de hele auto ut elkoar skroeft en wer yn elkoar setten hien, kwam de iene man er achter dat je allinnig de oansluting wat verskowe moesten, werbij hij syn finger even flink ferbrande. Wij dus superrrrblij (behalve oer dat fan syn finger, natuurlijk..) en toen he we fut mar een koelbox kocht en ik he de tomtom ut myn tas fiske en der gongen we! 't wurket net aljer lieke goed, mar 't is te dwan. Ik he we een douche kocht (oftewel, een soort grutte tas wer je wetter yn doche en die je ophingje,...jim snappe 't wol) en fannemoan yn de sinne yn de middle of nowhere (noja, flak bij de highway dan) oant douchen west yn de vette wilde natuur, hehe. Wat een utfiening :D!

Folgens mij he een aantal minsken 't wol seint, mar bin er no echt oer ut, de oostkust is net echt geweldig. Wol foar een aantal wieken om wat te socializen en de tourist ut te hingjen en te feesten, mar far mij ist dermei ik wol gebeurd. 't is der saaaaa touristisch en overvol, minsken bin er minder aardig en 't waar is ik nog min + dat 't er net echt mooi is. We he dus besluten nei 't suden en miskien nei de westkust te gean om der 's fjidder te sjen en bin drekt al gigantisch blij mei wat we jiraljer al sjoent he,meer dan de trije wyken jirfoar.

No, tiid is wer op, wesolle we wer fjidder reizigje nei Melbourne om de auto oer te skriuwen, verrekt ding. En dan de adreskes langs fan minsken die Lisa kent en miskien richting Adelaide.

Groetsies der mar wer!

Nog een kort ferhaaltsje foar de outback-tiid;)

Jir nog even een lyts grut ferhaaltsje foardat we mei de auto de outback ynduike, want der sol Lisa's mooie roze laptop vast net werke, hehe.

Bin no werom yn Brisbane en bin jir yn een hostel mei Lisa en Matt, de jonge dy us de auto ferkeapet.Lisa en ik hemei us beste pokerface de deal sluten mei Matt en dernei heelsacht luid oant juichen westen freed is 't safier, dan kenne we futcrosse mei us eigen auto! We krije matrassen, borden &leppels ensa, een kabel om us Ipod oan te sluten op de radio en fanaljer oare dingen der bij, dus binne echt wol superblij! (Foaral mei dat radio-deel fan 't ferhaal)

Ien probleemke, wer we joed achter kwammen toen we nei de garage soen far nije banden (want de alden koen gjin hobbeltsie mear oan), de 'cigarette lighter' dot 't net meer. En aangezien ik myself net heel goed ynskat yn 't kaartlezen (we bin sa'n 10 keer ferkeard rieden joed), is dat dus net samar een probleemke. Toch mar stoer een kaart kocht enoppere dat 't sa moeilijk vast net weze soe (mei derbij een ietwat bang gesicht), mar freed miskien toch nog snel sjen at 'r wat oan te dwan falt. En dan gauw ut Brisbane wei, 't is jir verstikkend warm, vol utlaatgassen en stressvolle minskenen 't reint oan ien stik troch (wie selfs op 't nijs dat 't net normaal wie dat er safolle rein fallen wie, verdorie..!). Lisa wud soms een bietsie chagrijnig fan de sted en dit waar, foaral at wenei de supermarkt rinne mutte yn'e reinen skeld dan oan ien stik troch yn 't Frans (ik ken de wudden inmiddels, durre even want die mooie Franse taal en skelwurden, dat woe der bij mij eerst net yn)en ikself bin danik net de gezelligste meer, foaral at iktagelyk ik nogbulten jild utjan mut oan myn hostel.

Oer 't hostel trouwens net te klagen! Gratis internet, 5 gratis films sjen yn een lyts selfmade bioscoopje (mooi far sokke reindagen), een heel doolhof oan treppens (machtig) en balkonnen en selfs een mooi swembadje op 't dak mei blauw wetteren een mega romme keuken..wer 'tjoed trouwenssuper misgong, want trochdat 't sa drok wie (dat ken, omdat 't dus sa'n mooie grutte keuken is), lieten een pear lui hun iten finaal oanbranne en wit ik veel wat se yn de fik stutsen hien, mar yn ien kear gong 't brandalarm au.Net ienveroerde sich, incl. Lisa en ik, bleun aljersitten wer we sieten, lui at we wien,gongentrochwer we mei bezig wien en seagen soms 's even op om te sjen ot de bran al hast utbreiden wie. Dat krije je jir een bietsie fan die laid back levensstijl, tink ik...En omdat 't reinde, net ien wol yn de rein stean....Uteindelijk, toen 't jir griis wie fan de reek,kwam er een ietwat boaze medewerkster fan 't hostel endie joech us aljer der snel ut, stiengen we der heel blij te sjen yn de stromende rein wiels de brandweer op hun dooie gemakje nei binnen roenen om vervolgenshast een jeloereletter (toen we de angst om wiet te wurren al te boven wien)wer nei boeten te kommen mei wat papieren, stapten de brandweerwagen wer yn en fut wien ze.

Sokke dingen merk ik jir soms wol, 't durret aljer heel lang (geduld is jir dus echt een schone zaak), minsken nimme de tiid en doche wer se sin yn he at 't even ken. Foaral yn de wat lytsere stedenas Rainbow Beach. Der wie een winkeltsje far us hostel en der wurken twa jongens. Soms wie 't een oer as 2 middies en dan frege ien fan de jongens oan de eerste de beste die nei binnen roen, ot diegene ik sin hie om te surfen of nei 't stran te gean. Wie 't antwud dan ja (altiid dus), dan roen der gewoan 't winkeltsie ut en kwam er de folgende dei wol wer 's. En wien ze wurrich, dan joechen ze iederien achter de computers fut en sluten ze de tent gewoan, mei gewoan de reden njemmende dat se dus gjin sin meer hien. Dat is soms even wenne,dat je soms eeuwen wachte mutte op dingenaseen trip boeke, pinpas oanfregie, of auspraken om te surfen of nei 't stran, die hoeve je jir net te meitsien wantmocht diegene (dan mut 't wol een Australier weze)yn ien kear wat oas dwan wolle of gjin sin meer hewwe,kenne je wachte wat je wolle.Merk wol datik steeds better wur yndat wachtenself ik wat makkelijker wur (dus bereid jim marvoor, kom ik altiid nog meer te let (6))

Trouwens far de minsken dy my er al far 'warskauwe' hien, sol even de eerlijke ik uthingje,je lere jeself jir inderdaad gigantisch goed kennen, is net altiid even leuk mar somswol heel goed merk ik. Je bin jir echt yn je ientsie en dat komt soms een bietsie hud oan, foaral yn 't begjin en atje plannen net sa geweldig verrinne.Dan wurre je even opskeept mei jeeen boaze of jammeriendezelf want er is natuurlijk (?)net een onbekende yn dit hostel diedan nei je ta draaft en 't far je oplost of tsjin sich oan seure lit. Dus je he allinnig jeself jirre wer je je mar mei redde mutte.En dat is even wenne. Net iens dat je alles self regelie mutte en 't net even lekker auskowe kenne op de minsken om je hinne (woeps) mar ik 't proberen om't jeselfgoed nei 't sin te meitsien, omdat je oas mokkend yn een hoekje van je keamer belandde, wachtend op ien die 't leuk far je meitsie wol omder vervolgens een aantaldagen sitten te bliuwen omdat gjin hasses sin het om mei een gigantisch chaggie utsjende persoan een gesprek te begjinnen. Dus, minsken dy blij wurre wolle,jir komme! :P

Mar goed, yn Brisbane dus. Juster mei Matt en een jonge ut Denemarken der hinne rieden en toen bin ik er heel serieus, netgemeen bedoelend,achter kommen dat ik gewoan net sa goed opsjitte ken mei minsken ut us bovenbuurland. Ik deze keer wie 't wer een ik-bin-perfect-geboren figuur en at er wat misgong (troch syn skuld) war 'r troch hem roppen dat 't net syn skuld wie mar dat wij 't gewoan verkeerd begrepen (dat'hereto the right' net werkelijk 'here to the right' betekende, mar eigenlijk 'here to the left')en dat wie far mij een bietsie deletste overtuiging.Dus stiekem probeer ik 't reizigjen meihun wat te vermijden.

En no sliepe we op een keamer mei 16 famkes yn Brisbane, watik de eerste wieke yn Australie helemaal net leuk fiene soe, mar wer jeheel snel oan wenneen no ken ik my der net iens drok meer om meitsie en fien ik 't wol gesellich.'t Is toch wol heel leuk,gesprekken oangean mei minsken en dan erachter komme ut welk lan ze komme enjoens wat mei ze te drinken of moansontbijte mei syn allen. Tochmisse we Rainbow Beach een bytsie, Lisa en ik. De minsken wien er folle meer relaxed en je hien de romte, koen nei 't stran, of omhinge bij 't hostel wat toch ik altiid wol gesellich wie, foaral at de pooltafel vrij wie;)Elke moans yn RB gongen we nei de supermarkt en bakery, kochten baguettes en oar Frans iten want ik mut 't aljer lere te iten fan Lisa en sij hald net sa fan....eh....alles behalve Frans iten. En ik kocht dan myn brune bole mei tsiis en thee en genoot er elke dei wer vollop van, ik al fjilde ik elke keer de priemende blikken yn myn richting mei de boadskip 'pf..Dutch, huh'. Mar goed, joens nei de pub yn 't hostelmei 't plan'1 cider and then we'll go to sleep!', wat dan natuurlijk net trochgong omdat we minsken ontmoeten en 't fjisten te gesellich foenen en dan de utnodiging kriegen fan de locals om der nog nei te sitten, wat we natuurlijk net misse mochten!

Tsja en jir is dat krek even oas, iederien sit achter de laptop (oef, mei ik op dit moment net oer klage) dus bin Lisa en ik troch de rein (en dus lichtelijk chaggie) nei de Coles (supermarkt) roent en he we lekker iten kocht en he ik een pear zakken nepkitkat's kochtomdat ikder sa'n ongelooflijk soad sin yn hie. En no sitte we beide achter de computer en te wachten totdat we wer honger krije want we hien us een oer as 5 al vol oant iten west mei bole mei tsiis (ennepkitkat's)en een soartemei nasi fan juster mei sa'n 100 teentjes knoflook (fander dat se my gewoan achter computer sitte litte..), omdat we hast omfoelen fan de honger foen we self.

Sal Lisa no even opsykje, die sit buten ergens te laptopperien (dat wud kenne ze net yn Frankryk bin ik achter, mar he 't no leert: 'l'ordinateur portable', woeeeh!) en geniete fan 't mooie volreinde, verlichtte utsicht op Brisbane..Miskien nim ik er toch nog mareen pear foto's fan...

Sol sjen wanneer ik wer 's internet fyne ken en fyn reacties altiid leuk om te lezen, dus wes net bescheiden haha!

Groetsies der mar wer!

Op'e tour!

Heeeeey there!

Jir wer even een verhaaltsie. Inmiddels sit ik al een wieke yn Rainbow Beach, een lyts plakje 4 oeren ryden van Brisbane, en fient jir beregezellig. Nei een wieke kenne je een soad minsken yn 't hostel en 't wud steeds gezelliger, joens mei syn allen nei de bar en oerdeis wat op 't stran lizze, heel leuk far deze warme dagen.

Een pear dagen lynt bin ik mei myn Dutse reisgenoatsje nei Fraser Island west (sykje mar 's op, heel mooi!). Mar jammer genoch sieten we midden yn een stortbui fan 3 dagen dus dat wie wat minder om dan te camperen, 't war ien dikke stjonkende bende (mede troch de Goon, dat is een goedkeape wyn jir dat iederien drinkt) en 't humeur fan sommigen gong er ik net op foarut. Mar goed, oerdeis oer 't stran skeure mei us 4x4 auto's, ik hie my ik os goeie bestuurder opjoent hehe dus moesten de oaren der oan gelove, machtig om te dwan! Bij Lake McKenzie sjoent, Eli Creek en nog een pear oare dingen wer ik de namme echt net meer fan wit, mar wat wol heerlijk wie om yn te swemmen. Wie aardig benauwd far enge beesten mar behalve een pear Dingo's (fan die rare wylde hunen) en een gigantische spin under us tent (toen we 'm al oant aubouwen wien, dus folle lest he we er net fan hant) eigenlijk weinig beesies sjoent. Oerdeis wat toere, joens mei syn allen bytsie drankspultsies dwan yn 't kamp en dan op bed. Je mochten beslist net allinnig der roenzwerve 's nachts, want dan kwamen de Dingo's je ophellien..No dieng ik dat dus wol, en ik ken sizze dat 't best meifoel. Allinnig wie der ien groep, die hun iten buten litten hien en dat war die nacht dus opvretten troch een horde Dingo's (wie us al tusend keer verteld dat dit er fan kwam at je je iten net yn'e auto setten, dus beetje dom hehe).

Nei trije dagen soender telefoan of iets yn de richting fan contact mei de butenwereld, kwammen we werom. Iederien de douche yndoeke en joens jir gesellich yn 't pubke een cidertje drinke. En toen siet ik 's te tinken wat myn folgende plan wie, die hostels binne heel gesellich, mar je binne sa afhankelijk fan bussen of je fuotten, dus ik woe eigenlijk een auto keepie. Hie al een tiidsie contact mei een famke ut Frankryk die deselfde plannen hie en die 't aljer net safolle skele koe at je 'n keer yn de rimboe probere mutte te douchen enz. Dus mei folle moeite 't far elkoar kriegen dat se jir kwam (yn Frankryk hoeve se net Engels te leren) en no is se jir dus. Se jit Lisa en is een echt machtfiguur (grutte macDonald's fan gelukkig), drekt mar oan de bbq begongen mei syn twaan en plannen makke. Justerjoen siet ik (wer) even beneden yn de pub bij een pear minsken ut Dutslan, en kwammen we der per ongeluk achter dat Lisa en ik een auto sochten, en een jonge syn auto binnen een pear dagen kwyt woe. Precies de auto die we sochten, registration der op tot september en 't lieke aljer goed. Dus no nog even een pear daagjes wachte totdat die jonge wer werom is fan syn Fraser Island avontuur en dan reizigje we mei hem werom nei Brisbane en gjin we der sjen ot 't aljer trochgiet. Fjil 't no al yn de beurs, mar lyket my supermachtig om sa vrij te wezen!

At we de auto ien kear he, gjin we fanut Brisbane nei Nimbin (goeie tip, Antine!) en nog wat plakjes en dan nei Sydney (bahbah) en fanut der nei de Blue Mountain(s?), wer Lisa al west is en wer ze een vet mooi plak ontdekt het, die we mei us GPS net bereike kenne, mar wol mei har verfrommelle kaart:D Bin no trouwens echt superrrblij mei de Tomtom fan Douwe&Age, dankjewol haha!

No, sol no oan myn avondmaal far 6 dollar, vette hamburgers, en folgende keer mar wer 's sjen!
Hoop dat 't aljer goed giet der yn NL, jerde al fan de wat kaldere temperaturen :p!

Groetsies der!

Plannen meitsiee...!

Heeeey iederien!

Super leuk dat jim 't aljer leze haha, wie suver wat verbaasd. Is echt leuk om reacties te krijen fanut myn 'oost, west, thus bestt!'

Laughing


Sol even fjidder vertelle (a). Wie dus yn Sydney, der bin ik 3 nachten bleunt, bietsie op stap en oerdeis Sydney yn. Hele drokke sted, mei hele hege gebouwen ensa, bin ik echt net went dus wol mooi om 's mei te meitsien. Ik der mei myn wyte benen troch de sted rinne, war een bietsie lake jerde ik soms, mar he flink trochsetten foen ik self en dat het syn effect een heeeel lyts bietsiehan haha.
Cool


Nei Sydney nei Coffs Harbour west (miskien nog nei een plakje tuskentroch mar ik herinner 't my net sa goed meer) en der op een camping sitten sa as sommigen wol lezen he. Wien vet leuke Australische minsken nest us yn een camper die fut mei us praten gongen, mei bern die sukerspinnen far us makken en der he we de hele joen dus sitten te wyn drinken, mei de buurman die echt HEEL Australisch wie en mie fanalles oer wiet vrege omdat ik ut Nederlan kwam en toen sjen lietdat 'r een waterpijpmakke hie fan een ald fleske,.. Hij wenne mei syn bern op de camping yn een lyts caravantsje yn de hoek, heel apart haha. Se he us wat ynburgere en midden yn de nacht nog troch dat plak roent, super mooi, wie echt gezellig.

De deis ernei nei een plak west wer ik de namme net meer fan wit, mar wie een afgelegen hosteltje. Ik he derhinne rieden, want ik war heeeeelemaal gek fan myn Deense reisgenoot. Wie echt net best hoe die ried, we he sa'n 4 keer hast een ongeluk hant omdat hij gewoan yn sliep foel, saaaa raar. En dan ik gille dus, at hij rucht op een auto far us auried, fol gas, of de berm heal ynried, en dan sei der dat ik net sa skreeuwe moest &dat 'r gewoan even net oplette. Dustoen war ikheel erg boas(jim witte vast net wat ik bedoel....:P) en toen tocht ik no sok 't 'm es even vertelle dat 'r 'a very bad driver' wie en dat ik 't letste ein riede woe want ik woe net dea. En fanau toen he we nog meer lilk dient en nog minder tsjin elkoar seint, dus 't war net sa gezellig derfan hehe. En toen he ik mar besluten far myself te reizigjen, dan mar een bietsie enger.

Dus yn 't hostel een pear vet aardige famkes ut Taiwan tsjinkommen en mei hun alles regele. De deis ernei mei de bus nei Surfers Paradise gongen (sol mar net vertelle hoe die busreis gong, want 't is te lullig) en der mei een jonge ut Dutslan praten en mei myn keamergenoatsie ut Ierlan, heel leuk oant wyn drinken west op 't stran joens haha en ien kear werom roen ik 's nachts nog wat op 't balkon van us hostel en toen kwam ik wat lui tsjin ut Sweden en toen bin ik mar pizza iten gient mei hun en toen wer nei 't stran west, vettt mooi midden yn de nacht! En nog steeds heel warm en een soad minsken, heel fjemd!

No sit ik dus yn Brisbane, wer een grutte sted (bin 't even oant besichtigien west mei Ruth (fan Surfers Paradise) en Amelie, die we op 't station tsjin kwammen) mar fient no wol wer genoch jirre. Bliuw jir nog twa nachten en dan mei een jonge ut Dutslan yn de bus nei Noosa en Fraser Island, skient heel mooi te wezen dus sju 'r nei ut! Dernei mut ik wat wachte en dan wer nei Brisbane ofsa, mei een famke ut Frankrijk meete want we gean miskien mei syn twaan of 4en een auto keepien en dan richting Adelaide en de oost of westkust augean, vettt leuk.

Myn jild far internet is alwer op en ik sol even wat drinke mei een pear Koreaanse lui en die jonge ut Dutslan, die jir fjidderop ik yn een hostel sitte!

Foto's komme sa snel os ik ken en hopelijk komme der mooiere verhalen en foto's bij haha.

Groetsies der!!!

Goed begin...!

Saaa, der bin ik dan! Nei een laaaaange vlucht, sa as Eke al skreau..Ik soe oorspronkelijk de 3e fuort, dan nei Londen, Singapore, Sydney. Mar de flucht nei Londen wie 2,5 oere vertraagd, dus koe ik nooit de vlucht nei Singapore meer hellie, soe ik dat wolle. Dus die lui van Skiphol 't aljer omboeke, sadat ik een vlucht krieg fan Amsterdam rjochtstreeks nei Singapore en dan Sydney. Dus ik helemaal blij, soe ik toch nog op 'tselfde tiidstip oankomme en blabla, even ynchecke, wie der een fout.......Bleek dat ik net ynchecke koe meer, omdat er een fout yn 't systeem siet ofsa, dat gebeurde mar ien keer yn de safolle tiid, heel verhaal, mar ik soe dus mar gelok heffe of ik meikoe of net, vet bale! En dat koe net, fliegtug siet vol.

He dus eerst mar een nachtje yn een hotel sliepen ipv yn 't fliegtug :(, (wie trouwens wol heerlijk even) en folgende dei nog een keer prebearje. Ik wie verbaasd dat alles goed gong, koe mei 't fliegtug nei Kuala Lumpur mei, hoefde der mar 2 oerkes te wachten en toen mei 't fliegtug nei Sydney. Kwam op't fliegfjild een heel aardig chinees ald mantsje tsjin, dy yn Sydney wenne en die het my even fanalles utleint en verteld, hij fjilde sich een bietsie myn papa leauw ik haha, wol ideaal, want der wien heel wat dingen onbegrijpelijk, sa faak flean ik nou ik wer net....

Kwam ik yn Sydney oan, eeeeeindelijk (20 oeren yn 't fliegtug is toch net sa leuk) en ik heal dea, mar toch heel blij, bij de band stean wer je tassen langskomme..wachte, en wachte mei 't Chinese mantsje...nei een tiidsie stieng ik der nog steeds, wiels iederien begong af te druipen, dus ik tink; sol wol net goed weze... Nee dus, myn tas wie ergens verdwenen en die wie ik dus de eerste dagen kwiet, nog meer bale, 't janken stieng my even nader dan 't lachen, mar klear, dan mar mei een boas gesicht nei boeten rinne, heel gesodemieter eerst nog mei papieren ensa.

Eindelijk boeten war ik oanhoden troch een jonge die stageroent hie bij Debra en Rob, wer Douwe&Age west binne, koe mei 'm mei yn de auto nei een hostel. Hie contact mei 'm hant oer internet en hij soe een trip dwan, langs hostels een mooie plakken en ik koe wol mei. Ik dat wat regelie he nooit safolle vertrouwen yn facebook en frjemden. Dus ik hie die jonge der helemaaaal nooit verwachte, wie superblij dat ie al die tiid toch wachte hie, mooi ritsie yn de auto nei 't hostel, heerlijk douche (dat is echt superfijn nei sa'n rotreis!) en keamer wie al regele, dus ik op bed ploffe en heerlijk sliepe (wie heal wol wat bang far enge spinnen ensa, dus bin een pear kear wekker skrokken, mar far de rest...;)) Joed bin we te shoppen west yn Sydney om toch nog een pear spullen te hellien, ondanks dat ik al aardig wat troep yn myn handbagage hie wat ik broeke koe (DANKJEWOL ANTINE&MAMA FAR DE SUPERTIP!) dus sol asen troep futgooie mutte at myn tas (ooit) oankomt.

Soen nou barbeque, mar ik wie oant douchen, toen soe ik er hinne mar wie 't al auroent dus ik tink he ik jir mooi tiid far hehe.

Moan even probere myn tas op te hellien, nei die bekende brege yn Sydney (sorry, ik bin net goed mei nammen) en nei the Opera House, skient supermooi te wezen. Sawiesa een heeele indrukwekkende sted, mar sju er nei ut een bietsie meer de rimboe yn te gean!


Nou is myn tiid op, dus tot de folgende keer mar wer! Sol wat iten probere bij elkoar te skrapien:)


Dikke tuuuuut,. Hylkje